Earste generaasje
Cornelis en Tziets Doekles


I.2 CORNELIS DOEKLES, timmerman yn Akkrum

berne om 1645 hinne - stoarn nei 1705
x Rins Jentjes, 18-2-1672 It Hearrenfean

Yn april 1671 keapet Kornelis Doeckles, mr. timmerman tot Accrum, seeckere huisinge en hieminge staande en gelegen inden voorschr. dorpe aan de noorderkant van de Boorn tot achter in de Leppedijk, tegenwoordig bij de koper bewoond wordenende fan Bauck Sybrens, widdo fan Doeckle Wtties foar 250 goudgûne. (UTI 33-21).

Mei Lubbert Koops wie Cornelis Doekles kurator oer de bern fan syn suster Tziets. Hy wie ek kurator oer Corneliske Beernts, dochter fan Beernt Wessels en Griet Jenkes, in suster fan de frou. De oare kurator wie Jan Beernts fan de Gordyk. (M 19-267 en M 21-131)
Yn de weesboeken wurdt hy ek neamd as leveransier fan in lykkiste (UTI 21-23), as opziender van de mennonite gemeente (5-6-1697) en as skipstimmerman to Akkrum (1707 en 1709)

Yn 'e hoedanichheit fan kurator komt hy foar yn it hypoteekboek fan Utingeradiel (43-58, 22-5-1676). Doeke Jans, lekkenkeapman yn Akkrum, ferklearret dan jild skuldich to wezen oan de kuratoren Cornelis Doekles en Jan Beernts.

Hjirûnder stiet syn hantekening ûnder de ôfrekken yn it weesboek fan Skoatterlân (SCO M 22-393) út 1698.



I.3 TZIETS DOEKLES

berne om 1645 hinne - stoarn foar 1698
x Koop Johannes, 4-4-1674 att. It Hearrenfean, boer yn Mildam

Út dit houlik:
1. Swaantje, doopt 13-6-1675 op It Hearrenfean, trout mei Pieter Sietzes 2. Johannes


links: út it trouboek fan It Hearrenfean, op 4-4-1674 bin hja mei attestaasie earne oars - yn Akkrum faaks? - troud.
rjochts: út it doopboek fan It Hearrenfean

Nei it ferstjerren fan harren âlden komme Swaantie en Johannes dus ûnder kuratele fan de omkes Cornelis Doekles en Jan Johannes. De earste ôfrekken is fan 26-11-1698. As ûndertekeners fine wy Cornelis Doekles en Hylke Doekles, oare tsjûgen binne Lubbert Koops en Syoerdt Jans (SCO M 22-393). It grutste part fan dizze ôfrekken is tige min te lêzen. Yn 1706 wurdt foar it Nedergerjocht de ôfrekken houden:


Op huyden den 4 december 1706 compareerde voor ons Martinus van Scheltinga Grietman over Schooterlandt, A. van der Vegt Bysitter en H. de Bitter secretaris aldaar, CORNELIS DOECKLES woonende tot Akkrum, en FOOK JENTIES wed. w. JAN JOHANNES woonende tot Mildam zijnde voorschr. Cornelis Doekles en w. Jan Johannes geauthoriseerde Curatoren over SWAANTIE en JOHANNES COOPS, kinderen van w. KOOP JOHANNES, om te doen Rek(ening) bewijs en reliqua van haer ontfangh en uitgaven die sy sedert de laatste Rek. hebben gehadt, en dat in handen van PIETER SYTSES als man en vooght over Swaantie Koops ende op dato als geauthoriseerde curator over Johannes Coops zynde geassocieert met magen vrinden, haar byt opnemen deeles gevoeght, en dat sy manieren alsvolgt

Swaantje, Johannes en Pieter Sietzes koene alletrije net skriuwe:, hja tekenden mei harren 'eygen gesette merck', twa krúskes en in harkje: